Shorttrackers klear foar earste wedstriid fan it seizoen

07 okt 2015 - 21:38
  • Sjinkie Knegt is wer werom yn Sotsji en kin 'ek noch winne'.....

It shorttrackseizoen set dit wykein útein mei de Invitation Cup yn Dordrecht. Seis Fryske shorttrackers dogge mei oan de pleatsingswedstriid: Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat, Rianne de Vries, Suzanne Schulting en Leon Bloemhof. Foar in tal fan harren is de Invitation Cup hiel belangryk, om sjen te litten dat se klear binne foar it nije seizoen.

Fansels giet de measte oandacht út nei Sjinkie Knegt. Hy is fan 't simmer heit wurden en is de regearend wrâldkampioen. En dat jout dochs in oare status, sa fernimt er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)