Tongersdei krúsjale dei foar selsstannichheid Omrop Fryslân

08 okt 2015 - 06:04
  • Aksjefierders by it provinsjehûs yn Ljouwert

It is tongersdei der op of der ûnder foar behâld fan de selsstannichheid fan Omrop Fryslan. De Twadde Keamer yn Den Haach praat tongersdeitemiddei en -jûn oer de wiziging fan de Mediawet. Mei as wetsfoarstel de oprjochting fan de RPO, in nije nasjonale organisaasje foar de 13 regionale omroppen.

Wurdt dat foarstel oannommen, en dat is wol de ferwachting, dan betsjut dat de ein fan in selsstannich Omrop Fryslân.

Neffens ROOS-foarsitter en Fries om utens Jack de Vries komt it wol goed mei it útstjoeren yn it Frysk by Omrop Fryslân. Dat sil der bliuwe. Friezen moatte harren net te folle liede litte troch sentiminten, fynt De Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)