Hearrenfean-foarsitter Van der Wiel hat ûntslachbrief krigen

07 okt 2015 - 15:40

Sportklup Hearrenfean foarsitter Jelko van der Wiel hat ôfrûne sneon in brief ûntfongen wêryn't syn ûntslach oanfrege wurdt. By syn húsadres waard troch in boade in brief ôflevere fan it stichtingsbestjoer.

Yn dy brief wurdt Van der Wiel meidield dat it Stichtingsbestjoer yn de earstfolgjende oandielhâldersfergadering it ûntslach oanfreegje wol foar de foarsitter. Van der Wiel is teloarsteld yn de gong fan saken en seit dat hy "op syn minst in tillefoantsje ferwachte hie."

Hy is net fan doel sels op te stappen: "As se wolle dat ik fuortgean, dan sizze se dat sels mar tsjin my." Omrop Fryslân melde ferline woansdei al dat Van der Wiel ûntslein wurde soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)