Monumintaal gemaal Dongeradielen wurdt renovearre

07 okt 2015 - 14:46

It monumintale gemaal Dongeradielen by Iezumasyl wurdt renovearre. De wurksumheden oan it 85 jier âlde gebou oan de Lauwersmar binne dizze moanne klear. De ynstallaasje fan it gemaal wie net mear fan dizze tiid, dêrom binne de trije pompen en de elektryske ynstallaasje no renovearre. It gemaal wurket hjirtroch effisjinter.

Ek is in fiskpassaazje oanlein yn it gemaal. It projekt kostet sa'n 4,5 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)