Alkohol is minder tagonklik foar Fryske jongeren

07 okt 2015 - 17:00

Jongeren ûnder de 18 jier kinne yn Fryslân minder maklik oan alkohoalyske dranken komme as yn de rest fan it lân. Dochs kinne fjouwer op de tsien jongeren der by de supermerk wol oankomme. By eveneminten wienen dat sels sa'n fiif op de seis. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Nederlands Instituut voor Alcoholbeleid STAP yn opdracht fan de Fryske gemeenten.

32 Fryske jongeren fan 17 jier hawwe as mysteryshopper by hast 1000 punten besocht drank te keapjen. De bêste metoade om de ferkeap te kearen is it freegjen nei it ID-bewiis.

It Platform Nuchtere Fries koördinearret it ûndersyk. It platfoarm is in gearwurking tusken de Fryske gemeenten, GGD Fryslân, Ferslavingssoarch Noard-Nederlân, plysje, hoareka en de provinsje.

Gemeenten wurdt ûnder oare oanbefelle om sels jonge testkeapers op 'en paad te stjoeren en om de alkoholferkeapers mei klam te advisearjen nei ID te freegjen. En om in mienskiplik evenemintebelied te ûntwikkeljen. Sa moatte der betingsten komme foar organisatoaren fan eveneminten, dêr't alkohol skonken wurdt.

De sifers út it ûndersyk:
- By supermerken waard de ferkeap yn 59 persint fan de gefallen wegere (lanlik 53 persint)
- Yn sportkantines 20 persint (lanlik 9 persint)
- Yn hoarekagelegenheden 32 persint (lanlik 16 persint)
- By sliterijen 46 persint (lanlik 33 persint)
- Kafetaria's 23 persint (lanlik 10 persint)
- Jeugdsintra yn Fryslân 37 persint
- By eveneminten yn Fryslân is it neilibjen mar 14 persint

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)