Gymnasiasten sammelje ûnderguod en sokken foar flechtlingen

07 okt 2015 - 13:13
  • Fryske sokken

Learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert sille nije wike ûnderguod, sokken en slippers ynsammelje foar flechtlingen dy't tydlik ûnderdak krije yn it WTC-Expo. De aksje wurdt holden yn gearwurking mei it Reade Krús, dy't oanjûn hat genôch klean yn de opslach te hawwen en no benammen ferlet hat fan ûnderguod.

Nije wike tongersdei sille de gymnasiasten by winkels yn it sintrum minsken freegje oft se sokken, slippers en ûnderguod keapje wolle foar flechtlingen. Dizze produkten kinne dêrnei oan de learlingen jûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)