Wergea hat monumint foar eardere suvelfabryk

07 okt 2015 - 12:28

Wergea hat lang om let in monumint krigen ta oantinken oan de suvelfabryk fan eartiids. It earbetoan oan de lange suvelhistoarje fan it doarp wurdt woansdei offisjeel ûntbleate by it eardere tsjerke De Bidler.

It monumint bestiet út in âlde tinkstien fan de suvelfabryk en twa panielen mei foto's. Derop binne ferskate fazen fan it kompleks te sjen en foto's fan twa fakbûnsmanlju fan it earste fakbûn fan suvelwurkers. It suvelfabryk hat fan 1886 oant 1994 bestien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)