Gemeente Ljouwerteradiel presintearret positive begrutting

07 okt 2015 - 11:53
  • Gemeente Ljouwerteradiel

De gemeente Ljouwerteradiel hat in slutende programmabegruting foar 2016 presintearre. Ek foar de kommende jierren is de begrutting posityf. Yn 2016 hâldt de gemeente hast 160.000 euro oer, yn 2019 hast 140.00 euro. De lokale lêsten bliuwe gemiddeld gelyk. De ôffalstoffeheffing giet mei in tientsje omheech, mar de rioelheffing giet mei itselde bedrach nei ûnderen.

De gemeente rint mei de begrutting foarút op de kommende fúzje mei de gemeente Ljouwert. De gearwurking tusken de twa gemeenten sil de kommende jierren hieltyd fierder útwreide wurde. Sa wurdt it ynbarren fan de belestingen fan 2016 ôf troch de gemeente Ljouwert útfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)