Kampanje foar mear skoalmasters start yn Ljouwert

07 okt 2015 - 11:35

De lanlike kampanje 'Veel meer Meester' set nije wike tongersdei útein yn Ljouwert. Minister Jet Bussemaker fan Underwiis sil it startsein jaan. Ut Ljouwert wei giet dan in spesjale trein troch hiel Nederlân, dy't mear manlju ynteressearje moat foar in baan as skoalmaster. Ferskate bekende Nederlanners, lykas rapper Sticks en topkok Pierre Wind, en njoggentjin Pabo-skoallen dogge mei oan de kampanje.

Foar it ûnderwiis yn Nederlân is it wichtich dat der mear manlike leararen foar de klasse komme te stean. It persintaazje manlju op de learare-oplieding Pabo is no mar trettjin prosint. Op de Pabo fan it NHL yn Ljouwert lizze de sifers oars, dêr is ien op de trije studinten in man. De NHL is ien fan de inisjatyfnimmers fan de kampanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)