Kollum: "Nije tiden?"

07 okt 2015 - 10:40

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Nije tiden binne soms better. Wat ha we it bygelyks no moai yn Sint-Nyk, net? We ha yn Sint-Nyk no WhatsApp. Ja dat ha we earne oars ek wol, mar se ha yn Sint-Nyk in spesjale WhatsApp. In ynbrekker-WhatsApp. Dat wurket sa. At der wer ris in kear ynbrutsen wurdt yn Sint-Nyk dan set ien dat op de WhatsApp en dan rattelet op elk nachtkastje der de mobile tillefoan. Sa’n spesiaal WhatsApp toantsje. Dan skrikke de Sint-Nyksters wekker, sjogge op de tillefoan, der stiet dan op: Der wurdt hjir wat stellen. Dan rize de Sint-Nyksters fan it bêd, pakke de kneppel dy’t ûnder oan de trep stiet en se batse nei bûten. Dan slaan se alles wat der op de dyk rint, rydt of fytst foar de harsens. O, en wa’t de Sint-Nyksters op in sneontejûn wolris tsjin kaam is, yn Langwar of sa, dy wit wol dat se der net sêftkes yn omhouwe. Mar dit grandioaze systeem betsjut dat de Sint-Nyksters net mear op wacht stean om de dieven tsjin te hâlden, sa’t se in tiid dien ha.

Yn elk geval mei grut bombaarje oankundige, want dan wiene de ynbrekkers sowieso te benaud om noch nei Sint-Nyk ta. De manlju fan Sint-Nyk kinne har no rêstich deljaan njonken harren knuppeltsje. Oant de WhatsApp trillet. Ik ha my wol ôffrege wa’t sa’n nacht dan wat op dy app set, mar dêr prate se net oer. Ien of de oare professor hat it ûndersocht, want de WhatsApp wurdt oeral al brûkt en it blykt sa te wêzen, dat as in plak of in buert sa’n WhatsApp hat, dat der dan minder stellen wurdt. No ja, de ynbrekkers moatte noch al efkes attindearre wurde dat dêr sa‘n WhatsApp is fansels. Dat dogge se op de âlde bekende wize, dus dêr hingje se dan buordsjes mei Hjir waakt WhatsApp, waf. Soe no echt in ynbrekker dêr yn Sint-Nyk fan oerémis reitsje, ik wit it net. It meast wierskynlike is dat dy dieven dy’t dat earder sa’n soad yn Sint-Nyk diene, no yn de bak sitte. En at dy aanst werom komme, ha se allegear in tillefoan by harren der’t se dan op de app sette dat se krekt wat stellen ha. Mar dat dogge se pas at se dêr yn it bosk efter de Oorsprong lizze te gnizen . En de Sint-Nyksters houwe elkoar de harsens yn.

Nije tiden binne net altyd better. Wy kamen as mantsjes fan 15, 16 al rillegau sneintejûns op De Gordyk. Dûnsje, de earste leafdes. Yn De Skâns. Dy Skâns is noch in pear kear ferboud, gie mei yn wat der dêr op De Gordyk barde. En doe kaam ik der noch folle faker. LDO spile yn de sportseal al dy grandioaze thúswedstriden, mei de kontradunk fan Kees de Boer, ik ha’t oer kuorbal. En yn de grutte seal wie faak in foarstelling, of in debat- en foarumjûn, ik ha der faak wurke dus. Altyd gesellich, altyd profesjoneel, altyd klear. En de mannen fan it lûd en de kantine stienen altyd earst mei de hân en letter mei kofje klear. Gesellich. En je koene sjen wat foar betsjutting dy sealen altyd hân ha. Stampfol by de kuorbalwedstriden. De grutte seal, se ha der neffens my nea in minne jûn hân. Gordyksters en de lju út de omkriten gean net graach nei It Hearrenfean of Drachten at se har op De Gordyk ek rêdde kinne.  

En no ynienen wolle b. en w. fan Opsterlân net dat de saak nochris ferboud wurdt om mei te gean yn de tiid. Nee hear. Donderje De Skâns mar del, dan hat de Rabo in moai grut parkearterrein. Wy bouwe in MFC, de moderne namme fan in doarpshûs. Multy Funksjoneel Sintrum. Dat soe komme moatte by de Harmsma skoalle. Njoggen miljoen. Alle minsken binne tsjin, útsein it folk dat De Gordyk grutter ha wol as dat it is. De ried dus. Mar de oare lju wolle harren Skâns hâlde. Altiten it nette, folweardige, aardige, gesellige sintrum. Mear, it wie de siel fan De Gordyk. Mar dat wurd kinne politisy net."  

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.  

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)