Brânwacht komt yn aksje foar brân yn lânboutrekker Aldwâld

07 okt 2015 - 08:38

De Kollumer brânwacht hat woansdeitemoarn in brânende lânboutrekker blust. In feehâlder oan de Foarwei yn Aldwâld ûntduts woansdeitemoarn dat syn trekker dy't yn de stâl stie yn de brân stie. De boer warskôge de helptsjinsten en bestride it fjoer sels mei in poeierblusser.

Mei help fan de brânwacht wie it fjoer gau ûnder kontrôle. De trekker is nei bûten sleept en dêr neiblust. Troch it rappe optreden fan de boer en de brânwacht waard foarkaam dat it fjoer oersloech nei de stâl. De kij yn de stâl hawwe net yn gefaar west.

Trefwurden: 
brân Aldwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)