Ynternasjonale priis foar MCL-ûndersyk nei oergewicht

06 okt 2015 - 23:05

Dokter yn oplieding Ragnhild Wijma fan it MCL hat yn Wenen in priis krigen foar it ûndersyk dat se dien hat by minsken mei in te heech lichemsgewicht. As dy minsken in maachferlytsingsoperaasje hân ha, fiele se har faak net goed, as se ite switte se mear as oars, en somtiden moatte se ek spuie. Dumpingsyndroom hjit dat. Wijma ûndersiket wêr't dat weikomt. Definitive resultaten binne der noch net, mar it liket der op dat it mei de hormoanhúshâlding te krijen hat.

Wijma is tige fernuvere dat se de priis wûn hat. It giet om de Young researcher Award. Dy wurdt alle jierren yn Eastenryk útrikt oan in ûndersiker dy't jonger is as 40 jier. De priis, in oarkonde, hinget by Wijma oan de muorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)