FNV spant koart pleit oan tsjin taksyferfierder Klomp

06 okt 2015 - 11:14

Fakbûn FNV spant in koart pleit oan tsjin taksybedriuw Klomp. It bedriuw út Ede ferfiert yn Fryslân kliïnten foar soarchgroep Alliade. Klomp hâldt him net oan de cao, mient it bûn. Dat soe benammen gean om de earste en lêste ritten fan hûs nei wurk en oarsom.
Dy wurde net útbetelle. Sjauffeurs krije boppedat neffens it fakbûn it lean te let útbetelle. Sa komme guon riders yn jildproblemen.

It fakbûn sil ek mei Alliade om tafel om de soarchgroep te freegjen druk út te oefenjen op Klomp.

Neffens direkteur Johan van Praet fan Klomp hat it bedriuw de sjauffeurs in goed foarstel dien, dat wol binnen de cao past. Fakbûn CNV is neffens Van Praet wol akkoart gien. It bedriuw koe earder dit jier foarkomme dat it fallyt gie. De maatregels soene ek needsaaklik wêze om foar te kommen dat it bedriuw op 'e nij yn de problemen komt. By Klomp wurkje in seishûndert sjauffeurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)