Meardere ûngelokken op A7: 10 km file, ferwûnings falle ta

06 okt 2015 - 08:51

Op de A7 stiet tusken it Grinslanner Mearum en Fryske Peallen hast 10 kilometer file nei't op de sneldyk meardere ûngelokken bard binne. It ferkear moat rekken hâlde mei hast in oere fertraging.

Op de oare kant stean ek files om't bestjoerders remje om nei de ûngelokken te sjen. Neffens de plysje falt it mei de ferwûnings ta, mar is der wol in soad skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)