Kultureel sintrum De Gordyk: Mearderheid ried foar nijbou

05 okt 2015 - 23:04

Der bin noch in soad fragen oer de finansiering fan de nijbou fan kultureel sintrum De Skâns op De Gordyk. It giet om in ynvestearring fan goed 9 miljoen euro. Dêrfoar wurdt in nije multyfunksjonele akkommodaasje boud mei ûnder oare in skoalle. De gemeenteried stiet op it stuit foar de kar: in nij MFC bouwe of De Skâns renovearje.

It beslút smyt in soad emoasje en diskusje op. Tsjinstanners fan de nijbou binne benaud dat de sfear ferlern giet. Ek soe der minder romte beskikber wêze yn it nije gebou.

Mar neffens wethâlder Piet van Dijk is it in unike kâns. De kosten gean struktureel omleech, en der komt ek jild frij foar it opknappen fan sportkompleks Kortezwaag op De Gordyk.

Dochs is der ek in soad krityk op de kommunikaasje troch de gemeente. Dy seit no betterskip ta. Sa komt der in klankboerdgroep en is ynspraak op it ûntwerp fan it MFC mooglik.

Pleatslik Belang De Gordyk trunet derop oan om gau in kar te meitsjen. Troch alle emoasjes rint de spanning somtiden heech op. De mearderheid fan de gemeenteried liket foar nijbou te wêzen. Oer seis wiken, op 16 novimber, falt it beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)