Sportferienings yn gemeente Ljouwert net tefreden oer belied

05 okt 2015 - 22:49

De sportferienings yn de doarpen fan de gemeente Ljouwert binne noch hieltyd net tefreden oer it sportakkommodaasjebelied fan de gemeente. Yn de eardere gemeente Boarnsterhim fine guon ferienings dat se yn fergelyk mei Ljouwerter ferienings folle mear betelje moatte.

Ien fan de tûkelteammen is de OZB. De tariven soene lyklutsen wurde moatte, sa fine de ferienings. Wethâlder Andries Ekhart seit lykwols dat de sportferienings der net op achterút gean sille mei it nije belied. Der wurdt al oardiel jier praat oer de kwestje.

De ried moat noch in beslút nimme oer it sportakkommodaasjebelied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)