Gearkomste KV Foarút Marsum smyt nije bestjoersleden op

05 okt 2015 - 22:42

De gearkomste fan keatsferiening Foarút yn Marsum hat trije nije bestjoersleden opsmiten. Acht minsken hawwe harren oanmeld foar ferskate kommisjes fan de keatsklup. KV Foarút hie de jûn organisearre om't se al tiden te min frijwilligers hawwe. It fuortbestean fan de klup stiet dêrtroch faai. Der binne noch trije sittende bestjoersleden en dy wolle no ek ophâlde.

Op de gearkomste fan moandei is no dochs nije oanwaaks fûn. Der is ek praat oer mooglikheden ta gearwurking mei omlizzende keatsferienings.

KV Foarút bestiet al 118 jier en hat ferneamde keatsers lykas de bruorren Van Wieren, Hotse Rusticus en Oepie Larooi fuortbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)