Belutsenen by flechtlinge-opfang yn Warkum tefreden

05 okt 2015 - 21:30

Goed 100 minksen wienen moandeitejûn yn Warkum by de gearkomste oer de krisisopfang fan 140 flechtlingen. Boargemaster Hayo Apotheker prate dêr de besikers by oer de sitewaasje. Earder hie de gemeente Súdwest-Fryslân bekend makke dat de opfang noch minimaal oardel wike ferlingd wurdt. Op 16 oktober ferhúzje de flechtlingen nei Ljouwert, dêr't se oant de ein fan it jier yn it WTC bliuwe kinne.

Yn Warkum wurde de minsken opfongen yn sporthal De Rolpeal. De opfang hat lykwols grutte gefolgen foar de brûkers fan de hal, want dy moatte no op syk nei oare lokaasjes om te sporten. Neffens de gemeente wurkje alle ferienings goed mei en is foar eltsenien in oplossing fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)