Needopfang yn WTC-Expo Ljouwert giet 16 oktober iepen

05 okt 2015 - 19:58

De needopfang foar 600 flechtelingen yn it Ljouwerter WTC-Expo giet op freed 16 oktober iepen. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat dat bekend makke. Om't der yn de Friezenhal fan it kompleks earst noch in beurs holden wurdt, wie al bekend dat de opfang net earder as mids oktober te realisearjen wie.

De beurs is 12 oktober dien. De dagen dêrnei wurdt de hal opromme, skjinmakke en testen. Freed is dat wurk klear en kinne de flechtlingen komme. Se krije hjir ûnder oaren wat mear privacy, om't der skotten tusken de bêden pleatst wurde.

De bedoeling is dat de minsken hjir oant it nije jier bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)