Nije koöperaasje foar plattelânsûntjouwing oprjochte

05 okt 2015 - 19:41
  • De presintaasje fan de nije koöperaasje DoarpenLân

DoarpenLân is de nije gearwurking tusken It Fryske Gea en Landschapsbeheer Friesland. It is in koöperaasje dy't him rjochtet op plattelânsûntjouwing. Roel de Jong fan Oranjewâld is beneamd ta direkteur fan de nije organisaasje. Doel fan de nije koöperaasje is om yn te spyljen op inisjativen fan bewenners en partikuliere organisaasjes om de kwaliteit fan harren leefomjouwing te ferbetterjen.

De nije koöperaasje wol saakkundigens op it mêd fan de leefomjouwing byelkoar bringe. Dy saakkundigens kin dêrnei ynset wurde by inisjativen dy't bydrage oan de kwaliteit fan de leefomjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)