Ljouwert krijt nachtwinkel om telefoans te ferkeapjen

05 okt 2015 - 17:14

Telecomprovider Vodafone iepenet yn de nacht fan tongersdei op freed spesjale nachtwinkels yn ûnder oaren Ljouwert. Dêr kinne klanten de nije iPhone 6s of iPhone 6s Plus ophelje. Foar de Waadeilannen set Vodafone in spesjale nachtkoerier yn om de tastellen besoargje te kinnen.

De nachtwinkels sille ien minút nei middernacht iepengean yn Ljouwert, Nijmegen, Rotterdam en Maastricht. Wa't de nijste Apple-telefoan tongersdeitenacht ophelje wol, moat dizze wol yn it foar bestelle.

Trefwurden: 
Vodafone nachtwinkel iPhone
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)