Prizen foar restaurearre Fryske slûzen

05 okt 2015 - 16:58
  • ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer

Twa Fryske slûzen ha in priis wûn foar de wize wêrop't se restaurearre binne. It giet om prizen dy't útrikt wurde troch de stifting Historische Sluizen en Stuwen.

De kearslûs fan it Woudagemaal wûn de earste priis. Neffens de sjuery is de restauraasje yn sawol kultuerhistoarysk as technysk opsicht in foarbyld foar oare projekten. De twadde priis gie nei de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân foar de restauraasje fan de Suderslûs en de Noarderslûs yn it Polderhoofdkanaal.

De sjuery wie der bot oer te sprekken dat dizze slûzen letterlik ûnder it sân weihelle binne en hielendal opknapt binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)