Epke Zonderland giet definityf nei WK turnjen yn Glasgow

05 okt 2015 - 16:29

Turner Epke Zonderland giet definityf nei it WK yn Glasgow. Bûnscoach Mitch Fenner hat him moandei yn de seleksje opnaam. Zonderland wurke ôfrûne sneon in slagge test ôf yn de ynterlân tsjin Wyt-Ruslân. It wie in skoft de fraach oft er op 'e tiid fit wêze soe, nei syn fal, wêrtroch't er in harsenskodding oprûn hie.

No't bliken dien hat dat Epke Zonderland goed hersteld is fan syn ynspanningen fan sneon, hat bûnscoach Fenner besletten him mei te nimmen nei it WK yn Glasgow, oer in lytse trije wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)