Taname mokselsied yn de Waadsee

05 okt 2015 - 16:13

It giet goed mei it mokselsied yn de Waadsee. Dat meldt de Waddenunit, ûnderdiel fan it ministearje fan ekonomyske saken. Yn it westlik part fan de Waadsee hawwe ûndersikers dit jier in soad natuerlik mokselsied fûn. En dat hat de ôfrûne twa jier wol oars west. Yn 2013 wie der sels in fiskferbod, om't it sa min gie mei it mokselsied.

No hat bliken dien dat der dizze simmer sa'n 20 miljoen kilo mokselsied bykaam is. Dit tsjinnet foar in part as iten foar fûgels dy't hjir oerwinterje. Ek wurdt it sied opfiske troch fiskers en útsetten op mokselbanken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)