Wike fan de opfieding set útein yn Lippenhuzen

05 okt 2015 - 12:37

Lippenhuzen hie moandei de Fryske primeur mei de wike fan de opfieding. Wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân iepene as earste yn Fryslân de fyfde edysje mei in groep bern fan basisskoalle De Flecht. It tema fan de wike is dit jier 'Geef me de vijf!'. Sa wie der yn de skoalle yn Lippenhuzen in byienkomst foar heiten en memmen en dosinten dy't wat ekstra help wolle of dy't fragen hiene oer de opfieding fan bern.

In pedagooch hie tips foar de âlden en de skoalle oer hoe't je no omgean moatte mei narjen en konflikten tusken bern.

Ek it Centrum voor Jeugd en Gezin fan De Tynje en it Mamakafee fan De Gordyk út de gemeente Opsterlân besteegje dizze wike omtinken oan it grutbringen fan bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)