Ald-foarsitter Jan van der Meij fan de PC ferstoarn

05 okt 2015 - 12:16

Ald-foarsitter Jan van der Meij fan de Keninklike PC yn Frjentsjer is ferstoarn. Van der Meij waard yn 1983 lid fan de kommisje, wêrnei't hy yn 1993 foarsitter waard. Yn 2007 lei hy syn funksje del fanwege sykte. Hy waard doe opfolge troch Minne Dijkstra. Van der Meij waard sjoen as in grut ambassadeur fan de keatssport.

Jan van der Meij is 70 jier wurden. Van der Meij wie al jierren slim siik, hy hie de sykte fan Kahler.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)