Proef mei stienmoal by Damwâld

Yn Kollumerlân en Dantumadiel is freed in ûndersyk begûn nei stienmoal as alternatyf foar dong en keunstdong. Stienmoal wurdt makke troch fulkaanstien út bygelyks Dútslân te fermeallen. Yn stienmoal sitte in soad mineralen, lykas yn keunstdong. Mar by keunstdong spiele dy mineralen gau fuort en geane skimmels en lytse ynsekten dea troch fersoering. Mei stienmoal is dat mooglik oars, tinke wittenskippers, mar dat moat noch oantoand wurde.
It earste stienmoal is freed útriden by Damwâld. De kommende tiid wurde regelmjittich meunsters naam.
De proef duorret trije jier.