50 smaken pipernuten yn nije Ljouwerter pipernutewinkel

05 okt 2015 - 11:28
  • Pipernuten yn de pipernutewinkel yn Amsterdam

Ljouwert krijt in echte pipernutewinkel. Pipernutefabryk Van Delft út Harderwijk iepenet woansdei in winkel oan de Nijstêd. Yn de winkel binne mear as fyftich soarten pipernuten te keap, wêrûnder de smaken tiramisu en truffel-kaniel. Van Delft is dwaande mei útwreiding fan it eigen winkelbestân. It bedriuw hie al in eigen winkel yn Amsterdam, mar der binne de lêste tiid winkels yn ûnder oare Grins, Arnhem en Zwolle by kaam. De winkels binne iepen fan oktober oant en mei desimber.

It hinget fan de ferkeapresultaten ôf of de winkel takom jier werom komt yn Ljouwert. Neffens Van Delft sit de ferkeap fan pipernuten al jierren achterinoar yn de lift. It fabryk yn Harderwijk bakt 3 miljard pipernuten yn 't jier. It assortimint wurdt alle jierren útwreide. Fan alle hûndert pipernuten dy't yn Nederlân ferkocht wurde, komme der 70 út Harderwijk.

In pear bysûndere smaken út de pipernutewinkel op in rige:
- Stroopwafel
- Yoghurt
- Pipernuten mei VOC krûden
- Sinesappel
- Tiramisu
- Truffel-kaniel
- Cappuccino

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)