Afonso Alves: Ik set in punt achter myn karriêre

05 okt 2015 - 09:33

Afonso Alves beëiniget syn karriêre. Dat hat hy bekend makke fia Instagram. De Braziliaan bedankt de fans fan SC Hearrenfean: " I would like to thank all of the Club also. Today I stop my career as a football player here many thanks to all my fans and friends. Thanks."

Alves wie sûnt ferline wike yn Nederlân. Hy trainde mei en joech oan graach werom te kommen by Hearrenfean. Alves spile fan 2006 oant 2008 twa seizoen foar Hearrenfean. Hy kaam doe oer fan it Sweedske Malmö FF.

Yn it earste seizoen waard hy topskoarder fan de earedivyzje mei 34 doelpunten. Alves skoarde yn ien wedstriid tsjin Heracles Almelo sân kear; noch altyd in rekôr yn de earedivyzje.

Direkteur fuotbalsaken Hans Vonk fan SC Hearrenfean seit yn in reaksje dat hy it spitich fynt dat Alves ophâldt, mar dat hy beslút respektearret.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)