Mummyboarre yn kelder Wiuwert

06 apr 2012 - 11:55

De mummykelder fan Wiuwert hat der in attraksje by: in mummyboarre. De boarre komt út Nibbixwoud yn West-Fryslân. Dêr hat er 50 jier ûnder de flier fan in wente lein. Ein ferline jier kaam de kat by in ferbouwing oan it ljocht.

Omdat de kat mummifisearre is ha de eigeners besletten de kat yn Wiuwert ûnder te bringen. Dizze wike is er foar it earst te sjen foar it publyk yn de ferneamde kelder fan de tsjerke yn Wiuwert. Al sûnt 1609 lizze dêr fjouwer mummy's yn de kelder. De Wiuwerter mummy's lûke sa'n 10.000 toeristen it jier.

Trefwurden: 
kat Wiuwert mummy mummyboarre
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)