Flechtlingen meie bliuwe oant opfang yn WTC Expo klear is

04 okt 2015 - 19:26

De lokaasjes foar krisisneedopfang yn Warkum, Kollum en Gerkeskleaster bliuwe foarearst iepen. Pas wannear't der yn it Ljouwerter WTC Expo goede opfang regele is, sille de flechtlingen oerbrocht wurde nei dizze opfanglokaasje. Neffens boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert kin dat op syn betiidst op 12 oktober barre, fanwege in beurs dy't dêr oant dy datum hâlden wurdt.

Mei it COA is ôfpraat dat der maatregels troffen wurde om minsken yn it beurskompleks WTC Expo mear privacy te jaan. Dat sil dien wurde troch ferskate romtes te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)