Bibleteken fjouwer dagen ticht

06 apr 2012 - 11:43

Hast alle Fryske bibleteken binne fan 14 oant en mei 17 maaie ticht fanwege de ynfiering fan in nij útliensysteem. Mei it nije systeem moat it makliker wurde om ynformaasje oer in boek te finen, in persoanlike boekelist te meitsjen en om titels op social media te dielen.

Omdat de ferfanging fan it systeem kompleks is, binne de bibleteken fjouwer dagen ticht. Ek de webside fan de bibleteken is yn dy dagen foar in grut part út de loft. De bibleteek fan Smellingerlân bliuwt wol iepen, want dy brûkt it nije systeem al.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)