LDODK wint lêste wedstriid op it fjild

04 okt 2015 - 16:33

De kuorballers fan LDODK wûnen snein mei 30-17 fan AW/DTV. Op eigen fjild gong de striid yn de earste helte lange tiid lykop. By in stân fan 7-6 wist de ploech fan trainer Erik Wolsink út te rinnen nei in 11-6 rêststân. Yn de twadde helte rûn LDODK fierder út nei 14-8 foarsprong. By 20-12 wie de wedstriid spile en koe LDODK útrinne nei in romme oerwinning. Soer wie wol dat Femke Faber it fjild mei in blessuere ferlitte moast.

It wie de lêste wedstriid op it fjild foar LDODK, dy't him no wer opmeitsje kin foar de Kuorbal League.

De Fryske derby tusken De Hoeve en SCO waard mei 20-18 in proai foar de thúsploech fan trainer Sake Koelma. Nei in spannende earste helte stie der in 12-9 rêststân op it boerd. Yn de twadde helte kaam SCO knap werom. Pas yn de slotfaze wist De Hoeve it ferskil te meitsjen en pakte sa yn in wiere kuorbalthriller de winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)