Snits Wyt Swart ferliest fan FC Lienden

04 okt 2015 - 16:20

Snits Wyt Swart Boso Snits ferlear snein mei 0-1 fan FC Lienden. Yn Snits holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. Yn de earste helte waarden wat spjeldepripkes útdield, mar echt grutte kânsen wiene der net. Nei rêst krige Getuar Derguti in knappe kâns om de iepeningstreffer te meitsjen, mar hy fersomme te skoaren.

Yn de 68e minút wie it al rekke oan de oare kant en naam FC Lienden de lieding. De ploech fan trainer Berry Zandink slagge der net yn wat oan dizze stân te dwaan en rûn sa tsjin it fjirde ferlies fan de kompetysje oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)