Syryske flechtlinge yn hongerstaking yn Warkum

04 okt 2015 - 16:11

Ien Syryske flechtlinge dy't yn de krisisopfang yn Warkum sit, hat de ôfrûne 24 oeren yn hongerstaking west. Neffens har wienen mear minsken yn hongerstaking. Se woe sa berikke dat de flechtlingen lang om let mear dúdlikheid krije oer har takomst. Ek wol se dat se sa gau mooglik registrearre wurde as offisjele flechtling yn Nederlân.

Neffens in wurdfierder fan de flechtlingen binne se no al 17 dagen yn Nederlân, mar hat der noch net ien west om har gegevens te registrearjen.

De ûnwissichheid oer har ferbliuwplak soarget foar in soad ûnrêst. Nei oanlieding fan dy ûnrêst hat sneintemiddei in petear west tusken de flechtlingen en meiwurkers fan it COA en de IND. Letter komt ek boargemaster Hayo Apotheker nei Warkum ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)