Motorrider yn sleat by Mitselwier

04 okt 2015 - 14:41

By Mitselwier is sneintemiddei in motorrider mei de motor yn it wetter rekke oan de Roptawei. Troch noch ûnbekende oarsaak is er nei alle gedachten út de bocht flein. De brânwacht hat de motorrider út de greide helle. Hy is mei ferskate breuken oerbrocht nei it sikehûs. De motorrider makke diel út fan in groep riders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)