Bestjoerder mist Jouster rotonde troch dize

04 okt 2015 - 11:48

By De Jouwer is in automobilist sneintemoarn fan de A6 ôf rjochttroch riden by de rotonde. De auto ramde in stek en kaam yn it gers ta stilstân. Dat wie om in oere as acht. Nei alle gedachten hat de bestjoerder de rotonde net goed sjoen fanwege de tichte mist. De automobilist rekke foar safier't bekend is net ferwûne. De linkerrydbaan op de rotonde hat in skoft ôfset west.

Trefwurden: 
plysje De Jouwer rotonde mist
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)