Holwerter oere fêst yn heechwurker

04 okt 2015 - 11:14

In ynwenner fan Holwert hat sneontejûn in oere fêstsitten yn in heechwurker. It apparaat woe net mear nei ûnderen. De brânwacht fan Dokkum moast der oan te pas komme om de man út syn behyplike sitewaasje te befrijen.

De Holwerter mankearde fierder neat. It is net dúdlik wat de oarsaak fan de steuring fan de heechwurker west hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)