Harkemase Boys wint fan HZVV en klimt omheech

03 okt 2015 - 22:02

Harkemase Boys hat sneontemiddei in deeglike oerwinning behelle op HZVV. De ploech fan trainer Jan Vlap wûn mei 2-0 fan de ploech út Hoogeveen. De doelpunten waarden beide makken troch Arton Musliu.

Yn de 27ste minút kamen de Harkiten op 1-0 troch in kopbal fan Musliu. Efkes waard HZVV gefaarlik, mar de oerwinning kaam noait echt yn gefaar. Yn de 74ste minút makke matchwinner Musliu ek de 2-0. Harkemase Boys klom op nei it tredde plak mei likefolle ferliespunten as nûmer ien AZSV, mar in wedstriid minder spile.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys HZVV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)