Earste wedstriid Zonderland nei harsenskodding

03 okt 2015 - 17:11

Epke Zonderland hat sneon foar it earst sûnt syn harsenskodding fan in pear wike lyn wer meidien oan in turnwedstryd. Zonderland kaam sneon by de ynterlân tsjin Wyt-Ruslân yn Hoofddorp yn aksje op de brêge, oan de rekstôk en ek op it hynder. Zonderland die mei om sa sjen te litten dat hy fit genôch is om oer trije wike mei te dwaan oan de wrâldkampioenskippen yn Glasgow.

Zonderland turne wol in oanpaste oefening. Op de rekstôk die de Lemster in makliker oefening as oars.

Op de rekstok kaam Zonderland ta in skoare fan 15,075 punten. Op de brêge krige Zonderland 15,050 en op de foltige 13,500 punten. Bûnscoach Mitch Fenner makket nei alle gedachten moandeitejûn syn seleksje bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)