Soer ferlies ONS Boso Snits

03 okt 2015 - 17:01
  • ONS Boso Snits

ONS rûn sneon tsjin it fjirde seizoensferlies oan. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt ferlear mei 2-1 fan Scheveningen. De earste helte wie fan beide kanten net bêst. Yn de twadde helte wie der mear spektakel. De ploegen wiene oan elkoar weage. Yn de twadde minút fan de twadde helte benutte Yumé Ramos in penalty en sette de 0-1 op it skoareboerd. Yn de 58e minút waard it 1-1 en yn de 65ste 2-1.

Dit betsjutte in soer ferlies fan ONS en sadwaande ek in lange weromreis. Troch it ferlies bliuwe de Snitsers stykjen op 7 punten út 7.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)