Boargemaster Oosterman: Fitaliteit plattelân yn gefaar

03 okt 2015 - 12:30

"As we net oppasse, ferliest it plattelân syn fitaliteit." Mei dy warskôging komt boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf. Hy oerwaget sels aksje rjochting Den Haach mei de tsien grutste plattelânsgemeenten, omdat se dêr faak in te romantysk byld fan it plattelân hawwe. Neffens Oosterman moat der wol genôch 'krityske massa' wêze omdat oars de foarsjennings yn gefaar komme.

Oosterman spruts by de iepening fan de Business-Contact-Dagen yn Aldeberkeap.

Dizze beurs is sneon de hiele dei yn de eardere Bank Bercoop yn Aldeberkeap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)