Brommerkontrôle:31 oertredings

06 apr 2012 - 10:19
  • Plysjemotor

By in brommerkontrôle yn Ljouwert hat de plysje 31 oertreders betrape. Dat is in soad, want mei-inoar waarden 36 brommers kontrolearre. It giet ûnder oare om glêde bannen en it net yn besit hawwen fan in rydbewiis of in kentekenbewiis. Guon brommers koene hurder as tastien is.

Yn ferbân mei CAO-aksjes by de plysje binne der gjin boetes útdield en krigen de bestjoerders allinne in warskôging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)