Komst flechtlingen hat gefolgen foar fuotballers VV Warkum

03 okt 2015 - 10:45

De komst fan de flechtlingen nei Warkum hat grutte gefolgen foar de pleatslike fuotbalklup. It bestjoer fan VV Warkum hat it programma foar sneon dêrom oanpast, sadat it fuotbalprogramma wol trochgean kin. De klaairomte foar de jeugdteams is beheind en de teams kinne net dûse.

Guon teams moatte har ferklaaie by de yngong fan de sporthal. It akwarium by it swimbad sil middeis brûkt wurde as bestjoerskeamer en der binne ekstra frijwilligers om alles yn goeie banen te lieden.

Trefwurden: 
VV Warkum flechtlingen Warkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)