Opnij ûnrêst by asylsikerssintrum Drachten

03 okt 2015 - 07:41

It wie freedtenacht opnij ûnrêstich by it asylsikerssintrum yn Drachten. In groep jonge bewenners soarge op de Splitting foar in soad leven. De plysje rukte manmachtich út om de groep nei it asylsikerssintrum te driuwen. De groep asylsikers liet derby in stel fytsen achter op it fytspaad. It is noch net dúdlik wat krekt de oanlieding fan de ûnrêst wie.

Boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân makket him soargen oer de sitewaasje en hat sneon in petear mei opfangorganisaasje COA.

Earder dizze wike waarden fiif asylsikers oanhâlden nei in grutte fjochtpartij tusken twa groepen bewenners. Dy fjochterij ûntstie nei rûzje oer in stellen tillefoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)