Plysje nimt swurd yn beslach
De plysje hat tongersdeitenacht in samurai-swurd yn beslach nommen. Aginten setten op de Folgeraleane yn Drachten in auto oan de kant foar in kontrôle. Op de huoddeplank lei in swurd. Dat is troch de plysje meinommen.
Tsjin de 19-jierrige bestjoerder is proses-ferbaal opmakke.