Silvio Teunissen yn sintsje set foar topprestaasje

02 okt 2015 - 22:15

Ultrarinner Silvio Teunissen is freedtejûn yn Boalsert huldige troch it bestjoer en de leden fan de Lange Afstandlopers Bolsward. Teunissen draafde foarich wykein yn Grikelân de Spartathlon. Dat is ien fan de swierste hurdrinwedstriden yn de wrâld.

De rûte fan 246 kilometer gie fan Athene nei Sparta. Teunissen die oer dizze ofstân 34 oeren en 40 minuten. Hy wie de iennichste Nederlanner dy't dit jier de tocht útrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)