Fryske PvdA moat de partij lanlik it paad wize

02 okt 2015 - 21:39

De Fryske PvdA moat de partij lanlik it paad wize, om't de 'saamhorigheid' hjir it grutst is. Dat sei lanlik PvdA-foarsitter Hans Spekman freed yn kafee Wouters yn Ljouwert. Dêr wie de start fan it projekt 'Van Waarde' dêr't de PvdA op syk sil nei de bêste wize om de kiezers werom te winnen.

Dêr is alle reden foar, om't de partij sa stadichoan út it sintrum fan de politike macht ferdwynt. Yn de jongste peilings foar de Twadde Keamer komt de PvdA noch mar krekt boppe de tsien sitten, wylst dat der no noch 38 binne.

Mei sa'n fyftich regionaal aktive PvdA-ers waard bepraat hoe't de partij de kiezer wer oansprekke kin. Dat sil neffens Spekman benammen moatte troch in appel op 'sosjale feroaring'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)