Havens fan De Lemmer better berikber nei útwreiding

02 okt 2015 - 17:34
  • Prinses Margrietkanaal, De Lemmer

Grut frachtferkear op de farrûte tusken De Lemmer en Delfsyl kin fan no ôf flotter trochfarre. Provinsje Fryslân en Rykswettersteat hawwe dat realisearre troch de havens fan De Lemmer better berikber te meitsjen. Dat is dien mei in útwreiding fan it tal wachtplakken foar de binnenfeart by de Prinses Margrietslûs. Dêr wienen earst te min fan.

Fierder binne ek belangrike efterlânferbinings by De Lemmer ferbettere, en is de farwei djipper en breder makke.

Mei dizze wurksumheden is in grut knipepunt yn it wichtichste farnetwurk nei Noard-Nederlân ta oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)