Aksjes Reade Krús smite soad guod op foar flechtlingen

02 okt 2015 - 17:22

It Reade Krús hat foarearst gjin ferlet fan klean, tekkens, knuffels en oar guod foar flechtlingen. Der is ûnder de Fryske boargers in protte animo om guod yn te sammeljen foar de hûnderten minsken dy't opfongen wurde yn sporthallen.

It Reade Krús is bliid mei alle help, mar op it stuit kin de organisaasje al it guod net mear kwyt. De sintrale loads dêr't it guod sammele en sortearre wurdt, stiet fol. De groepen flechtlingen dy't op it stuit yn ús provinsje binne, hawwe foarearst genôch.

Pas as der wer nije groepen komme, lykas heal oktober 600 flechtlingen yn it WTC Expo yn Ljouwert, binne de doazen mei guod wer wolkom. It Reade Krús makket dan bekend fan hokker guod ferlet is.

Minsken dy't dochs wat dwaan wolle foar de flechtlingen kinne jild oermeitsje op it gironûmer fan it Reade Krús, giro 6868. Minsken dy't frijwillich meihelpe wolle, kinne harren fia de webside www.rodekruis.nl oanmelde foar 'Ready to Help'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)